Mear jild nije fjilden Menaam?

11 apr 2005 - 08:48

Eigner Van Booma fan Schatzenburg by Menaam lûkt mooglik dochs mear as 1 miljoen euro út foar it ferpleatsen fan de fuotbalfjilden en de tennisbanen. Dat sei Van Booma sneon, by in presintaasje yn Menaam. Earder sei Van Booma dat er op syn meast 1 miljoen útjaan woe om fan de sportklups ôf te kommen. Sneon liet er trochskimerje dat er ek meibetelje wol oan de grûn dy't nedich is foar nije fuotbalfjilden en tennisbanen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)