Mear jild nei Fryske tsjerken

07 des 2011 - 12:44

Goed 40 Fryske tsjerken krije 7,5 ton provinsjale subsydzje foar ûnderhâld. It is in oanfolling op de ryksstipe dy't se krije foar ûnderhâld fan de gebouwen. De tsjerken dy't it maksimumbedrach fan 35.000 euro krije, binne dy fan Eastermar, Aldeberkeap, Wergea en Tytsjerk. Oare tsjerken lykas dy fan Readtsjerk moatte it mei 2.600 euro dwaan. Om foar dizze subsydzje yn de beneaming te kommen, moasten de tsjerken oan in soad betingsten foldwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)