Mear jild Ljouwert nei Saailân

26 mrt 2008 - 12:51
  • Mear jild Ljouwert nei Saailân.

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert wolle 8,5 miljoen euro ekstra beskikber stelle foar it projekt Nij Saailân. Wethâlder Waanders hat dat woansdei bekend makke op in parsekonferinsje oer it Saailân.

It projekt wurdt djoerder as de 120 miljoen dêr't earder fan útgien waard. It projekt foarsjocht yn de bou fan it Friesch Museum op it plein, in nij winkelsintrum en yn oanpassing fan de besteande parkeargaraazje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)