Mear jild kwyt oan fytswedstriid

08 aug 2002 - 00:00

Om in etappe fan de hurdfytswedstriid fan Eneco yn Ljouwert einigje te litten, moat de gemeente 60.000 euro op it kleed lizze. It jild is nedich om obstakels út it parkoers te heljen. Blombakken, drompels en rotondes moatte om feilichheidsredenen fuort.

Ljouwert betelle earder al 40.000 euro, dizze kosten komme der noch by. De race komt 20 augustus yn de haadstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)