'Mear jild iepenbier ferfier'

26 okt 2007 - 10:28

It ROCOV fynt dat de provinsje mear jild stekke moat yn it iepenbier ferfier. De organisaasje komt op foar it belang fan de reizgers. Yn Súdeast Fryslân ha reizgers grutte krityk op it iepenbier ferfier.

No't it kontrakt mei ferfierder Arriva dêr ein takom jier ôfrint, moatte der strangere easken oan de nije ferfierder steld wurde. En dat kin allinnich as de provinsje jild byleit. Der moatte foaral mear bussen ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)