Mear jild foar ûntwikkeling fan serious games yn de soarch

15 des 2015 - 19:56

Serious games wurde hieltyd faker ynset yn de soarch. Dêrom hat de provinsje Fryslân 50.000 euro beskikber steld om Fryske ûntwikkelers te stimulearjen mei nije plannen te kommen.

Serious games binne kompjûterspultsjes mei as doel de sûnens fan de brûker te ferbetterjen. Dat kin wêze om fan in blessuere ôf te kommen, mear beweging te krijen of gewrichten soepel te hâlden. It tal gaming-bedriuwen yn Fryslân nimt hieltyd mear ta. Doel is dat mei it provinsjaal jild yn elts gefal fiif projekten opset wurde.   

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)