Mear jild foar probleemjeugd

29 apr 2006 - 13:32

De jeugdhelpferliening yn Fryslân krijt 2,7 miljoen euro fan steatssekretaris Ross. Foar dat bedrach kinne goed 150 jongeren dy't wachtsje op help binnen seis wiken holpen wurde.

Fierder wurdt de kapasiteit fan de jeugdhelp fierder útwreide. Dat hâldt yn dat der mear pleeggezinnen bykomme, en dat de dei-opfang útwreide wurdt. Dat betsjut dat der de kommende tiid ekstra banen bykomme by de jeugdhelp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)