'Mear jild foar muzyk freegje'

09 feb 2003 - 00:00

Muzykferieningen moatte by it ryk om mear subsydzje freegje. Dat fynt Atsma, Twadde Keamerlid. De CDA-er pleite derfoar by de ledegearkomste fan it CBMF, kristlik bûn fan muzykferieningen yn Fryslân. Koaren en korpsen kinne in foarbyld nimme oan sportklubs dy't folle mear subsydzje krije.

Neffens Atsma is dat ûnterjochte om't in hiel soad minsken as amateur aktyf binne yn de muzykwrâld. Dat komt ek de leefberens fan it plattelân te'n goede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)