Mear jild foar huzen Bullepolder

13 nov 2003 - 00:00

In mearderheid fan de gemeenteried fan Ljouwert sil akkoart gean mei ekstra jild foar de bou fan huzen yn de Bullepolder. Yn de kommisje is woansdei praat oer in ekstra bedrach fan 700.000 euro dêr't boargemaster en wethâlders om frege hawwe.

It jild is nedich om't de gemeente in soad kosten makke hat fanwege juridyske prosedueres dy't oanspand wiene troch omwenners. Dy binne tsjin op de bou fan lúkse filla's yn de Bullepolder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)