Mear jild foar herstel reiddak

13 feb 2003 - 00:00

Dongeradiel stelt mear jild beskikber foar it herstellen fan reiddakken. De subsydzje wurdt ferhege. Earder waard op syn heechst tweintich prosint fan de kosten fergoede. Dat wie te min.

Alle partijen yn de gemeenteried binne it iens mei it plan fan it kolleezje om tenei per kante meter fan it reidoerflak in subsydzje te jaan. Dat komt del op in flink hegere bydrage foar de bewenners fan in hûs mei in reiddak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)