'Mear jild foar grutte stêden'

27 feb 2003 - 00:00

Foar feilichheid moat it nije regear 100 miljoen euro ekstra frijmeitsje. Dêr ha 26 grutte stêden, wêrûnder Ljouwert, om frege by de formateurs. De stêden wolle it jild brûke foar previntive maatregels, lykas in opfang fan 24 oeren foar minsken dy't foar oerlêst soargje.

Se wolle ek dat der wer in minister komt foar Grut Stedsbelied en dat der wat dien wurdt oan de tanimmende wurkleazens yn de grutte stêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)