Mear jild foar Fryske mûnen

14 feb 2003 - 00:00

De provinsje moat mear betelje oan de restauraasje fan fiif mûnen, sa fynt de FNP-steatefraksje. Troch in legere Ryksbydrage komt de ferbouwing yn gefaar. Neffens de partij binne de mûnen in wichtich kultuer-histoarysk ûnderdiel fan it Fryske lânskip.

It giet om mûnen yn Marrum, by Mildaam, by Ljouwert, by Holwert en by Goaiïngahuzen. De opknapbeurten wurde útfierd yn opdracht fan Stichting Fryske Mole.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)