Mear jild foar doarpshûs Aldwâld

15 nov 2002 - 00:00

De bou fan in doarpshûs yn Aldwâld is wer in stap tichterby. De gemeente Kollumerlân hie oant no ta 45.000 euro tasein, mar wol no mear jild frij meitsje.

Hoe heech de subsydzje krekt wêze sil, wurdt meikoarten besletten. De ynwenners fan Aldwâld pleitsje al jierren foar in eigen doarpshûs. De kosten wurde rûsd op 425.000 euro. De NH tsjerke wol fêste hierder wurde en sil 50.000 euro meibetelje oan de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)