Mear jild foar brânwacht

19 jun 2008 - 19:03

Der moat flink ynfesteard wurde om de kwaliteit fan de brânwacht yn de Stellingwerven op peil te hâlden. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan it bestjoer fan de brânwacht yn East- en Weststellingwerf.

Al mei al soe der jierliks goed 400.000 euro stutsen wurde moatte yn de organisaasje. Ek moat neffens it ûndersyk de oanrydtiid om by in brân te kommen ferromme wurde fan acht oant fyftjin minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)