Mear jild foar brêgen SWF

15 feb 2012 - 16:35

Boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân tinke hast 2 miljoen euro ekstra nedich te hawwen foar it ûnderhâld fan brêgen en wâlskanten yn gemeente. Dêr is al twa miljoen foar útlutsen, mar yntusken is berekkene dat der noch 1,8 miljoen euro by moat. Under de brêgen en wâlskanten dy't oanpakt wurde moatte binne de Swettebrêge en Prins Hendrikkade yn Snits, De Sint Jansstraat en Grote Dijlakker yn Boalsert en de brêge yn Wâldsein.

Súdwest-Fryslân hat sa'n 550 brêgen. De gemeenteried nimt meikoarten in beslút oer it ekstra jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)