'Mear jeugdtoaniel nedich'

28 nov 2001 - 00:00

Der moatte mear jeugdtoanielselskippen yn Fryslân komme. Dat sei Hilde Mulder tiisdei by de útrikking fan de Pyt van der Zee-priis. Dy priis is foar it earst útrikt oan de Jeugdtheaterschool.

De priis, 4000 gûne, is om de kwaliteit fan it amateurtoaniel te ferbetterjen. Der binne no 20 ferieningen en der soenen 40 wêze moatte, sei Mulder om kwaliteit op it plattelân te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)