Mear jeugdoerlêst Ljouwert

14 apr 2008 - 16:50
  • Gemeente makket him soargen oer jongerein-oerlêst

De oerlêst troch jongerein yn Ljouwert is it ôfrûne jier flink tanommen. Fral yn Heechterp en de Frijheidswyk binne grutte problemen. Dat docht bliken út de saneamde feilichheidsyndeks dy't moandei presintearre is.

Yn wiken lykas Heechterp en de Vrijheidswyk wurdt wer mear fernield en fiele minsken har ûnfeilich omdat jongeren op strjitte omhingje. De oerlêst wurdt foar in part feroarsake troch bern fan mar 8 oant 10 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)