Mear jeugd skorst yn Dongeradiel

14 jan 2004 - 00:00

Skoallen yn de gemeente Dongeradiel ha ferline jier opfallend mear learlingen skorst. Dat stiet yn it jierferslach learplicht fan 2002/2003. Neffens de opstellers fan it rapport is it problematyske en agressive gedrach fan de learlingen de oarsaak fan de taname.

Ek it spijbeljen nimt ta, foaral ûnder learlingen fan 14 en 15 jier. Oarsaken dêrfan binne narjen, ûnmacht fan de âlden en it meitsjen fan de ferkearde skoalkar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)