Mear iepenheid fan saken frege

12 maaie 2004 - 00:00

Ljouwert moat finansjeel iepener wêze oer grutte projekten. Dat krige wethâlder Krol tiisdei te hearren. Yn novimber wie him dat al frege.

De fraksjes fan PvdA, CDA en VVD fine dat der mear konkrete ynformaasje komme moat oer de stân fan saken. Se wolle witte oft projekten op skema lizze en oft der ôffallers te ferwachtsjen binne. Krol sei ta dy ynformaasje oan te leverjen. De restauraasje en nijbou fan it âlde stedhûs leit op skema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)