Mear ielguozzen op Iselmar

20 jun 2008 - 11:44
  • Mear ielguozzen goed foar iel

It tal ielguozzen op de Iselmar nimt dit jier flink ta en dat is neffens Rykswettersteat goed nijs foar de iel. Want de ielguozzen frette benammen poasken dy't mei de iel om itselde iten konkurearje. Dus bliuwt der foar de iel mear fretten oer.

Fan 'e wike liet in stúdzje noch sjen dat ielguozzen like folle snoekbears ite as de beropsfiskers fange yn de Iselmar. Neffens Rykswettersteat is dy stúdzje útfierd yn it gebiet dat net te fergelykjen is mei de Iselmar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)