Mear huzen ferkocht yn Fryslân

10 jan 2013 - 11:07
  • Hûs te keap

Yn Fryslân binne yn de lêste trije moanne fan ferline jier mear huzen ferkocht as yn de perioade dêrfoar. Dat hat te krijen mei de feroare regels op it mêd fan de hypoteekrinte-ôftrek. De regio Drachten wie koprinner, dêr waarden goed 40 persint mear huzen ferkocht yn it lêste fearnsjier as yn de trije moanne dêrfoar. Oer it hiele jier besjoen binne der minder huzen fan eigner wiksele as yn 2011. De priis lei ek leger. De gemiddelde huzepriis is sûnt de kredytkrisis sakke mei hast 16 persint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)