Mear húslik geweld

14 aug 2010 - 13:29

Der is mear húslik geweld. Dat meldt helpferliener Fier Fryslân. Sûnt 2009 is de wet tydlik húsferbod fan krêft. Dat betsjut dat minsken dy't gewelddiedich binne tsjin har eigen húshâlding út hûs pleatst wurde kinne foar 10 dagen.

Ferline jier hat de plysje 59 kear yngrypt. No stiet de teller al op 68. Foaral yn de simmer gie it mis. Sûnt july krigen 18 minsken in hûsferbod om't se geweld brûkt hiene tsjin har partner of bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)