Mear Hiv- en Aids-gefallen

01 des 2006 - 11:44

It tal minsken yn Fryslân dat besmette is mei Hiv of Aids is yn 2006 wer licht tanaam. Dat konkludearret de GGD Fryslân op basis fan foarlopige sifers oer 2006. Sa binne der op it stuit 155 minsken dy't yn it MCL behannele wurde foar de sykte, en dat tal lei ferline jier folle leger.

Ek binne der dit jier nije gefallen bykaam. De teller stiet by de GGD no op 16 en nei ferwachting komme dêr noch twa by foar de ein fan dit jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)