Mear hierders mei jildsoargen

16 aug 2013 - 12:25

De Woonbond ferwachtet dat hieltyd mear Fryske hierders ûnder de earmoedgrins libje sille. Ut in rapport fan ûndersyksburo Rigo docht bliken dat op dit stuit 28 prosint fan de hierders yn Nederlân net genoch jild hat om alle needsaaklike útjeften te beteljen. De Woonbond ferwachtet dat dit yn 2017 oprinne sil oant 35 prosint.

Ronald Paping, direkteur fan de Woonbond, ferwachtet dat Fryslân de lânlike tendins folgje sil. Hierferhegings, stiging fan de enerzjyprizen en efterbliuwende ynkomstenûntwikkeling binne de oarsaak fan de problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)