Mear help fan militêren

15 apr 2001 - 00:00

Ekstra militêren wurde ynset yn it tafersjochgbiet om de gebieten hinne dy't mei tongblier besmet binne. Dat makke boargemaster Cazemier snein bekend.

De 60 militêren sille de brânwacht helpe by de ûntsmettingsstrjitten. De 50 militêren dy't freed al frege wienen, stypje de plysje mei kontrôles. De boargemaster sei dat it noch dagen duorje kin ear't dúdlikheid is oer de fertochte gefallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)