Mear as heal miljoen oersettings yn Google Translate Wike

26 sep 2015 - 12:10
  • Anne Dykstra fan de Google Translate-wike

De Fryske Google Translate Wike hat oant no ta al mear as in heal miljoen Fryske oersettings opsmiten. Inisjatyfnimmer Anne Dykstra hat dat sneontemoarn bekend makke op it Drongo-talefestival yn Utert.

Marco Ynema fan Google fynt dat Fryslân in grut komplimint fertsjinnet foar al dy oersettings. In heal miljoen oersettings yn in wike betsjut dat statistysk elke Fries op syn minst ien oersetting makke hat. Google fynt it opmerklik dat in lyts taalgebiet as Fryslân yn sa'n koarte tiid safolle oersettings makke hat.

It Frysk op Google Translate giet nei dit wykein de kontrôlefaze yn. Wannear't it Frysk beskikber komt yn de oerset-app fan Google is noch net hielendal bekend. 'Sa gau mooglik', seit Marco Ynema fan Google.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)