Mear HBO-studinten melde har oan

25 jul 2004 - 15:48

Mear studinten melde har dit jier foar in stúdzje oan by de HBO-skoallen yn Ljouwert. Fanwegen minne ekonomyske tiden kieze jongeren der faker foar om langer nei skoalle te gean.

De kristlike hegeskoalle, CHN, tinkt tsien prosint mear studinten yn te skriuwen. De Noardlike hegeskoalle, NHL, is wat hoedener en ferwachtet in taname fan seis prosint. Nije studinten kinne har oant 1 septimber oanmelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)