Mear Haltstraffen yn Fryslân, lanlik sjoen sakje de sifers

18 apr 2016 - 15:05

Mear Fryske jongeren hawwe straf krige fan buro Halt. Dat docht bliken út de jiersifers fan de organisaasje. By Halt krije jongeren in straf as se wat ferkeard dien hawwe sûnder dat se yn oanrekking komme mei it Iepenbier Ministearje. Lanlik is it tal Haltstraffen yn 2015 sakke, mar dat is net sa yn Fryslân.

De gemeente Súdwest-Fryslân lit in taname sjen fan 84 prosint. Mei-inoar wiene it 79 persoanen yn 2015. Yn Hearrenfean en Ljouwert waarden ek mear Haltstraffen útdield. It giet meastal om jonges.

De jongeren komme benammen by Halt terjochte fanwege stellerij. Yn hiel Nederlân hawwe 16.508 jongeren in Haltstraf krigen foar bygelyks stellerij út winkels, fernielings en fuortbliuwe fan skoalle. Yn 2014 wiene dat noch 16.891 jongeren, lanlik sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)