Mear grien mei Beamplantdei

21 mrt 2012 - 11:36

Yn it ramt fan lanlike Beamplantdei wurde woansdei op tal fan plakken yn de provinsje nije beammen plante. Op De Tike is dizze dei brûkt om mei it projekt 'Doarp yn it grien' te begjinnen. Dêryn wurkje Lânskipsbehear Fryslân, provinsje, gemeente Smellingerlân en it doarp gear. Der wurdt sân kilometer oan beamwâlen weromplante. Ek komt der in nij kuierpaad en kinne minsken mei koarting fruitbeammen keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)