Mear greidefûgelpykjes

06 sep 2010 - 23:38
  • Der binne dit jier mear greidefûgelpykjes teld as de ôfrûne jierren

It liket dit jier wat better te gean mei de greidefûgels. It tal briedpearkes bleau sa'n bytsje gelyk, mar opfallend is dat der mear piken grutbrocht binne.

Neffens it Bûn foar Fryske Fûgelbeskermingswachten leit dat oan it waar. Om't it lang droech wie, duorre it langer foardat greidefûgels aaien leine. De oanpak fan boeren, jagers en natuerbehearders om de bisten better te beskermjen docht ek fertuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)