'Mear geweld en mear softdrugs'

30 okt 2003 - 00:00

Jongerein yn Fryslân brûke hieltyd mear geweld. Boppedat nimt it gebrûk fan softdrugs ta. Dat docht bliken út sifers fan de plysje.

Dy sil takom jier mear surveillearje yn it wykein, om útgeansgeweld tsjin te gean. Ek sil de plysje mear omtinken jaan oan strjitrôf fan mobyltsjes. It bart hieltyd faker dat immen dy't op strjitte bellet, bestellen wurdt fan syn gsm. Fierder komt der mear kontrôle op drugs en ferkearsoertredings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)