Mear gemak by thúswenjen yn De Fryske Marren

29 sep 2015 - 16:06

Alderein en hendikepten yn de gemeente De Fryske Marren krije mear gemak by it langer thúswenjen. De gemeente hat him oansluten by in provinsjaal platfoarm GEEF. Dat regelet saken lykas in alarmknop, in byldskermferbining mei helpferlieners en in bêd dat mei in druk op de knop omheech en omdel kin.

Wethâlder Schouwerwouw fan De Fryske Marren is bliid mei de oansluting by it platfoarm. It helpt de gemeente de feroarings yn 'e soarch stal jaan te kinnen.

It Gezondheids Expertise en Educatiecentrum Friesland (GEEF) hat no sechstjin dielnimmers. Yn de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert hawwe se in demonstraasjewente dy't it Hûs fan de Takomst hjit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)