Mear gefallen fan hûdkanker

19 nov 2008 - 14:42

It tal gefallen fan hûdkanker nimt sterk ta. De hûdartsepraktyk Noard Fryslân, wurksum yn Ljouwert, Harns en Dokkum, hat it ôfrûne jier sawat 2000 pasjinten mei hûdtumoaren behannele. Dat is yn tsien jier tiid sawat in ferdûbeling.

De groei komt trochdat de bleatstelling oan ultraviolette strieling tanommen is. Neffens dermatologen is it fan grut belang dat minsken weromhâldend binne mei it yn de sinne sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)