Mear gearwurking yn high tech

28 jun 2014 - 15:12
  • Technyk

Ferskate bedriuwen, wêrûnder Philips yn Drachten, hawwe freed yn Hoogeveen in manifest tekene om mear gear te wurkjen op it mêd fan high tech-systemen en materialen. Doel fan de gearwurking is om in kennissintrum fan ynnovative technology yn it Noarden te foarmjen.

Bedriuwen dy't hjir oan mei wurkje binne - njonken Philips, ûnder oare Fokker, de NOM en Sensor City. Ek de Ryksuniversiteit en de Hanze-hegeskoalle yn Grins dogge mei. De bedoeling is dat der op termyn mear partijen oanslute by it gearwurkingsferbân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)