Mear gearwurking Waadeilannen

26 nov 2003 - 00:00

De Fryske Waadeilannen sille mear mei inoar gearwurkje. Ferskate gemeentlike ôfdielingen, lykas ynkeap, personiel en organisaasje wurde by inoar foege. Guon amtners op Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach sille dêrtroch har baan ferlieze.

Fan ien Waadgemeente is foarearst noch gjin sprake. Alle eilannen, dy't mei inoar 12.000 bewenners ha, wolle har eigen identiteit hâlde. Sneon prate alle riedsleden mei inoar yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)