'Mear gearwurking VVD en D66'

31 jan 2004 - 00:00

Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels makket him sterk foar mear gearwurking tusken VVD en D66. Leden fan beide partijen kinne kieze foar in dûbel lidmaatskip. Dat omdat VVD en D66 in protte oerienkomsten ha, sa seit Nijpels.

Hy docht syn foarstel as prominint VVD-lid en net as kommissaris. VVD en D66 sille ynkoarten om 'e tafel om de plannen fierder út te wurkjen. Fan in fúzje is op it stuit noch gjin sprake.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)