Mear gearwurking natoersintra

04 jul 2014 - 06:52
  • Bern kinne op ûndersyk út yn nasjonaal park De Alde Feanen yn Earnewâld

De trije natoeredukaasjesintra yn Noardeast-Fryslân wurkje tenei yntinsiver gear. Dêrfoar waard tongersdei in yntinsjeferklearring ûndertekene yn Hallum. Mei de gearwurking wolle natoeredukaasjesintrum De Klyster, NME Tytsjerksteradiel en NME Achtkarspelen de krêften bondelje om sa better oan te sluten op de winsken fan basisskoallen en de gemeenten.

De kommende twa jier sil der benammen op praktysk mêd gearwurke wurde. Dêrnei wurdt sjoen hokker organisaasjefoarm hjir it bêste by past.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)