Mear gearwurking mei Sina

07 maaie 2014 - 11:56
  • Claudy Jongstra

De Ljouwerter konneksje mei susterstêd Liyang yn Sina hat wer in nije opdracht oplevere. Keunstneresse Claudy Jongstra sil keunstwurken fan filt meitsje as ynrjochting fan in hotel en lúkse beamhuzen dy't op dit stuit boud wurde nei in ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitekt Hans Achterbosch. It is in totaalprojekt fan 10 miljoen euro. It wolfilt fan Jongstra wurdt makke mei Fryske en Sineeske produkten, bygelyks kleurstoffen en wol fan Fryske grûn, mar ek de kleurstoffen fan Sineeske teeplantaazjes.

Wethâlder Diks fan Ljouwert hat woansdei bekendmakke dat yn oktober op 'e nij in delegaasje út Ljouwert nei Liyang giet. It doel is de eksport fan Fryske ynnovaasjes op it mêd fan duorsume enerzjy, wettertechnology, agri & food, en toerisme. Der komme alle jierren in protte Sineeske studinten nei it HBO yn Ljouwert. Ek de provinsje hat kontakten mei Sina, mei as doel dat Sineeske bedriuwen ynvestearje yn Fryslân, lykas de Sineeske suvelfabryk op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)