Mear gearwurking LTO en GIBO

12 nov 2004 - 14:55

De accountants en adviseurs fan de GIBO-groep en de lân- en túnbou-organisaasje LTO-Noard sille mei inoar oparbeidzje op it mêd fan bedriuwsfiering. De twa partijen ha dêroer in yntinsjeferklearring tekene.

De organisaasjes tinke tegearre mear kennis te hawwen om boeren mei fragen advys jaan te kinnen. LTO-Noard is de nije belange-organisaasje foar boeren en túnkers en ûntstiet troch in fúzje tusken NLTO, GLTO en WLTO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)