Mear gearwurking korporaasjes

30 nov 2011 - 10:12
  • gearwurking korporaasjes

Ljouwert, WoonFriesland en Elkien wurkje de kommende jierren nau gear. Dêr is woansdei in oerienkomst oer tekene. Alle jierren komme der tusken de 200 en 300 huzen by yn Ljouwert. De gemeente en wenningkorporaasjes wolle fraach en oanbod mear op elkoar ôfstimme. Ek wolle se foarkomme dat de kwaliteit fan de goedkeapere huzen achterútgiet. Der binne ek sosjale ôfspraken makke, lykas previnsje en helpferliening by skulden. De ûntwikkeling fan de stêd freget mear om maatwurk.

Der wurde de kommende jierren minder sosjale wenten boud yn Ljouwert. In soad besteande wenningen moatte ferboud wurde om geskikt te meitsjen foar lytsere húshâldings.
Yn plak fan jierliks 600 wenten te bouwen, wurde dat de kommende jierren 300. Neffens de gemeente ûntsteane der gjin tekoarten. No bestiet 70 prosint fan de Ljouwerter húshâldens út ien of twa persoanen. Foaral foar dizze groep moat flink byboud wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)