Mear gastâlden foar bern nedich

29 aug 2002 - 00:00

It tekoart oan gastâlden kin opfongen wurde troch âlderein, allochtoanen en manlju yn te setten. Dat sizze twa ûndersikers fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Gastâlden, faak froulju, fange bern thús op en krije der jild foar.

De fraach nei dizze foarm fan opfang is sa grut dat de froulju it net oan kinne. Yn Ljouwert begjint nije wike in kampanje om gastâlden te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)