Mear gas út Fryske grûn

11 mrt 2008 - 14:41

Gaswinbedriuw Vermilion wol mear gas út de Fryske grûn helje. De fjilden dy't it bedriuw yn 2004 oernaam hat fan Total binne grutter as earder tocht waard. Dêrûnder falle ek winlokaasjes op de Waadsee.

It bedriuw sjocht dan ek mooglikheden om nije putten te slaan. Hoefolle dat der wurde en hoefolle gas at Vermilion út de grûn helje wol wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)