Mear fytstoeristen ferwachte

27 jun 2007 - 22:23

It tal toeristen dat mei de fyts ûnderweis is troch de Súdwesthoeke sil flink omheechgean troch de yntroduksje fan in nij fytsnetwurk yn Súdwest-Fryslân. Dat ferwachtet wethâlder Germ Gerbrandy fan Wymbritseradiel.

Hy sei dat by de iepening fan it nije fytsrûtenetwurk yn Riis. Dat netwurk is 620 kilometer lang en hat 181 knooppunten. By elk knooppunt kin de fytser wer kieze foar in oare rûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)