Mear fytsers by WeeningClassic

27 jul 2013 - 15:52
  • Westra yn Pieter Weening Classic

De 8ste edysje fan de Pieter Weening Classic yn Surhústerfean hat sneon 3.000 dielnimmers lutsen, dat is 500 mear as oare jierren. De organisaasje tinkt dat dat komt troch de goede prestaasjes fan de Nederlanners by de Tour de France. Dielnimmers koene yn Surhústerfean kieze foar in tocht fan 25, 40, 60 en 100 kilometer. Tourdielnimmer Lieuwe Westra hie him ek ynskreaun. Hy starte om 9 oere. In grut diel fan de dielnimmers wie foar de tongerbuien binnen. De rest hat ûnderweis in skûlplak socht.

Tiisdei is yn Surhústerfean ek de jierlikse profronde. Earder waard al bekend dat Tourwinner Froome oan de start ferskynt. Trije nammen binne noch oan it dielnimmersfjild taheakke, Lars Boom, Niki Terpstra en Koen de Kort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)