Mear fyts- en kuierpaden nedich

15 jan 2003 - 00:00

Yn en om Ljouwert moatte mear fyts- en kuierpaden komme. Dat docht bliken út in enkête fan de ANWB. Tachtich prosint fan de 2000 ûnderfregen misse soksoarte paden, fral yn it suden fan de stêd en de Ljouwerter Bosk. Ek kaam nei foaren dat ynwenners har steure oan smoargens yn natuergebieten. Oer de kwaliteit fan de hoareka wie it oardiel posityf.

Provinsje en gemeente moatte de útkomsten brûke by nije plannnen foar rekreasjefoarsjenningen, fynt de ANWB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)