Mear fuotbaljende froulju

13 okt 2008 - 20:08

It tal fuotbaljende froulju yn Fryslân is mei goed 10% omheech gongen. De provinsje folget dêrmei in lanlike trend. It tal leden fan it fuotbalbûn KNVB is it ôfrûne seizoen mei 28.000 tanommen.

Dat is benammen ta te skriuwen oan de groeiende populariteit fan it frouljusfuotbal. Dy is tanommen troch ûnder oare it opsetten fan de eredivyzje foar froulju. Ek sjogge âlden tsjintwurdich oars oan tsjin famkes dy't fuotbalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)