Mear Fryske huzen ferkocht

22 des 2010 - 10:53

Der binne dit jier mear hûzen yn Fryslân ferkocht as ferline jier. Dat docht bliken út sifers fan Woningmarktcijfers.nl oer de earste 11 moannen fan dit jier. Der binne goed 4100 hûzen fan eigner wiksele. Dat is goed 2 persint mear as ferline jier en ek mear as it gemiddelde yn Nederlân.

Ek binne de hûzen yn Fryslân djoerder wurden. De gemiddelde priis fan in hûs wie mei 196.000 euro krekt wat heger as yn 2009.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)