Mear Frysk op Provinsjehûs?

13 maaie 2004 - 00:00

Provinsje-amtners moatte sels ideeën oanleverje foar mear stikken yn it Frysk. In wurkgroep komt nei de simmer mei foarstellen. De provinsje wol ta op ien op de fjouwer amtlike stikken yn it Frysk. Oant no ta foldocht mar 16 prosint fan 'e amtners dêroan, sa docht bliken út in enkête.

Suver alle amtners ferstean it Frysk ridlik oant goed. Frysk prate docht 70 prosint, mar skriuwe 35 prosint, sa blykt út de sifers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)