'Mear Frysk brûke yn tsjerke'

12 apr 2008 - 17:11

De Fryske taal kin noch folle mear brûkt wurde by de tsjerketsjinsten yn ús provinsje. Dat sei foarsitter Liuwe Westra fan it Kristlik Frysk Selskip sneon by de fiering fan it 100-jierrich bestean.

In soad foargongers yn de Fryske tsjerken hâlde har preek út gewoante yn it Nederlânsk en dat moat feroarje, fynt Westra. Neist in bibel yn de Fryske taal soene alle tsjerken ek de lietboeken yn it Frysk brûke moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)