Mear froulju yn bou nedich

30 apr 2007 - 11:48

Yn de bousektor moatte mear froulju en weryntreders oan it wurk. Sawol oplieders, wurkjouwers en deputearre Andriesen binne it deroer iens, sa die sneon bliken by in debat.

Wolle de boubedriuwen yn de takomst genôch personiel krije, dan moatte se ôf fan it idee dat alle wurknimmers manlju wêze moatte dy't full-time beskikber binne. Yn de bousektor sels wurdt op it stuit neitocht oer hoe oan mear personiel te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)